Rolstoelbasketball grut sukses

© Omrop Fryslân
It rolstoelbasketballtoernoai yn Beetstersweach foar bern mei of sûnder handikap wie sneon in grut sukses. Foaral omdat de spilers fan de nasjonale jeugdseleksje rolstoelbasket-ball de teams coachten.
Fjirtjin basisskoallen diene mei oan it toernoai, dat organisearre wie troch Revalidatie Friesland. Der sieten twa teams by fan bern mei in handikap. Alle teams moasten yn in rolstoel it fjild yn.