Mooglik ferfolch kite-surfen

18 apr 2006 - 10:21

It iennige kite-surf evenemint fan Fryslân krijt mooglik in ferfolch. It evenemint waard dit wykein foar it earst hâlden yn Warkum. Sawat 200 minsken kamen nei it Iselmarstrân om nei de kaprioalen fan de surfers te sjen of om les te nimmen.

De organisaasje hopet dat gemeente en provinsje ek takom jier tastimming jouwe foar it barren. It is it iennige trijedaagse kite-surf evenemint fan 'e wrâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)