Taksy-sjauffeur mishannele
De plysje hat sneintenacht yn Hallum in 25-jierrige ynwenner fan Stiens oppakt om't er in taksy-sjauffeur mishannele hie. It slachtoffer, in 38-jierrige man út Hoarnstersweach, hie ferskate klappen krigen.
De oanlieding foar de mishanneling is noch ûndúdlik. De plysje hat in ûndersyk ynsteld en moat noch mei de belutsenen prate.