Ynbrekker jout himsels oan

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in 30-jierrige Ljouwerter oanholden op it Stasjonsplein. Hy hie himsels even dêrfoar telefoanysk melden as ynbrekker. Hy bekende ferantwurdlik te wêzen foar in krekt pleegde ynbraak yn in notariskantoar oan de Willemskade.
De man ferklearre dat er neat weinaam hie. Hy is foar ferhear oerbrocht nei it buro en ynsletten. De plysje docht ûndersyk nei de saak.