Spijkerman wint Gelderlân

16 apr 2006 - 21:35

Hurdfytster Bertine Spijkerman fan Sint Nyk hat sneon de Ronde fan Gelderlân wûn. Yn dizze earste wedstriid fan de topkompetysje foar froulju wie Spijkerman de rapste yn de einsprint.

De einstreek lei nei 140 kilometer yn Apeldoorn. De Friezinne - de hiele dei al yn'e kopgroep - fersloech de Dútske Tanja Hennes (twadde) en Mirjam Melchers (tredde). Josephine Groenveld fan Folsgeare waard njoggentjinde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)