Dantumadiel aktiver Frysk

© Omrop Fryslân
De gemeente Dantumadiel sil him aktiver opstelle op it mêd fan it Frysk. Oant no ta hie Dantumadiel in passyf Frysk taalbelied, mar de ried en it kolleezje ha earder al sein dat se dat oars ha wolle. Betingst wie wol dat de ynwenners fan de gemeente it der mei iens binne. Ut in enkête hat bliken dien dat dat it gefal is.
Ien fan de maatregels is dat amtners de kâns krije om in kursus Frysk te dwaan.