Boonstra Rademakers hâldt op

© Omrop Fryslân
De advokaten en notarissen fan it kantoar Boonstra-Rademakers yn Ljouwert geane út elkoar. De advokaten geane fierder ûnder de namme Rotshuizen Geense. De notarissen slute har oan by Nord Advocaten en Notarissen.
Boonstra Rademakers ûntstie yn 1994. Troch de groei ûntstiene der hieltiten faker stridige belangen tusken de advokaat- en notarispoat. Dêrom is besletten út elkoar te gean.