Oldtimer útbaarnd op It H'fean

16 apr 2006 - 15:07

Der hat sneontemiddei brân west yn in garaazje oan de Lijsterbesleane op It Hearrenfean. Dêrby rekke net ien ferwûne. De brânwacht fan It Hearrenfean hat it fjoer útmakke, mar koe net foarkomme dat sawol de garaazje as in parkearde auto swier skansearre rekken.

De dupearre eigner, in 38-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean, hie sels de helptsjinsten ynskeakele. Syn auto wie in oldtimer Renault Alpine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)