Nije nammen foar Frijheidswyk

16 apr 2006 - 12:10

Yn de Frijheidswyk yn Ljouwert binne sneon de nammen ûntbleate fan fiif nije strjitten, in nije feart en in nije brêge. It giet om nammen dy´t te krijen ha mei it ferset tsjin de Dútsers yn de oarloch.

De nije brêge hjit De Onderduiker en de feart Mariniersfeart. De strjitten ha nammen fan bekende fersetsstriders, lykas Taco_van_der_Veen en Piete_Wijbenga. De ûntbleating waard dien troch famylje fan de striders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)