Cranberrysapfabryk yn Harns

16 apr 2006 - 11:25

Der komt in cranberryfabryk yn Harns. De Skylger ûndernimmer Van Urk begjint nije wike mei de bou fan in bedriuwspân op it yndustryterrein by De Oude Trekweg yn Harns.

It giet om in produksjeôfdieling fan in Skylger bedriuw dêr't benammen cranberrysappen ferwurke wurde sille foar de nasjonale en ynternasjonale merk. De fabryk op Skylge bliuwt produsearen foar toeristen. It nije fabryk moat is ein dit jier klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)