Jongeren stride yn muzyk

© Omrop Fryslân
Under de namme 'Drachten op de kaart' ha jongeren yn Smellingerlân har sneon fan in oare kant sjen litten. Om wat te dwaan oan negative byldfoarming hiene se mei in jongerewurker in muzykwedstrijd útskreaun.
Op de muzykwedstriid kamen moai wat jongeren ôf. Se lieten sjen dat se goed yn steat binne har gefoelens oer it libben en de maatskippy yn teksten ferwurkje te kinnen. Boargemaster Middel kaam ek even te sjen.