Supermerk Ingwierrum ticht

© Omrop Fryslân
De doarpssupermerk fan Ingwierrum is sneon foar it lêst iepen. De winkel slút de doarren omdat it net mear útkin. De measte doarpsbewenners dogge har boadskippen by grutte supermerken yn Dokkum en Kollum.
Yn de winkel siet ek in slachter. De direkte oanlieding om ticht te gean wie dat doarpsbelang de gehakballen by de konkurrint helle, en net by har. De slachter hat fyftich jier yn it doarp sitten, de supermerk tritich jier.