Peaske wurdt gesellich drok

© Omrop Fryslân
Undernimmers yn de toeristykse sektor binne optimistysk oer it Peaskewykein. Dat seit it toeristysk buro Fryslân Marketing. De measte bungalows en hotels binne folboekt. De ferwachting is dat it drokker wurdt as de ôfrûne twa jier. Dat it oanlûkt hat te krijen mei it bettere ekonomyske tij. Dútse toeristen litte it dit jier wer wat ôfwitte, krekt as ferline jier. Foaral de Fryske wettersportsektor hat dêrfan te lijen.