Metaalbedriuw mei noch net iepen

15 apr 2006 - 12:50

Rein Munniksma fan it metaalbedriuw Munniksma út Koudum hat it koart pleit ferlern dat hy tsjin de gemeente Nijefurd oanspand hie. Ynset wie de weriepening fan syn bedriuw.

Begjin dizze moanne soe it metaalbedriuw nei in ferhuzing wer feestlik iepene wurde, mar op lêst fan de gemeente Nijefurd gong dat net troch. Munniksma moast syn bedriuw fuortendalik slute. Neffens de gemeente hie er gjin fergunning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)