Hegere straf fertochte moardsaak

15 apr 2006 - 09:55

Ien fan de fertochten yn de saak fan de fermoarde Ljouwerter kroechbaas Johan de Jong hat freed in folle swierdere straf krigen. It gerjochtshof hat de fertochte feroardield ta 10 jier sel. De rjochtbank lei earder twa jier sel op.

It hof hat de man straft as mearderjierrige. By de oerfal wie er noch gjin 18 jier. It hof hat de man toch as mearderjierrige straft, omdat it misdriuw tige slim wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)