20 oanmeldingen Fryske pleats

© Omrop Fryslân
Foar de ferkiezing Fryske Pleats fan it jier 2006 binne 20 oanmeldingen binnen kaam by de Boerderijenstifting Fryslân. It giet dit jier om pleatsen fan it kop-hals-romp-type, dy't noch in agrarysk haadgebrûk ha.
Neffens de sjuery is de kwaliteit fan de oanmelde pleatsen tige heech. Takom wike sil de sjuery by 14 selektearde pleatsen del. De priisútrikking is op 14 juny. De winnende pleats krijt dan in priis fan tûzen euro.