Nij krisissintrum yn Ljouwert

14 apr 2006 - 15:19

Der komt yn Ljouwert in nij krisissintrum foar dak- en thúsleazen. Dat is it plan fan helporganisaasje Limor. It is noch net dúdlik wêr't dit sintrum yn de stêd komt.

It is de bedoeling dat minsken der net allinnich holpen wurde, mar dat se der ek wenje kinne. Dat kin net yn it hoeddeiske krisissintrum. Dêr binne ferline jier 100 minsken holpen dy't ûntspoard binne yn de maatskippij en it sels net mear rêde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)