Gjin UMTS-mêsten yn B'him

14 apr 2006 - 15:19

Der meie gjin UMTS-mêsten pleatst wurde yn Boarnsterhim, sa lang at ûndúdlik is wat de sûnensrisiko's binne. Dat fine boargemaster en wethâlders yn Boarnsterhim.

UMTS-mêsten binne nedich foar de nijste generaasje mobile tillefoans. Foar it pleatsen fan guon antennemêsten is gjin fergunning nedich. Dat betsjut dat de gemeente net altyd wat te sizzen hat oer it pleatsen fan de mêsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)