Jonge oppakt foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitenacht yn Ljouwert in 18-jierrige jonge oanhâlden foar mishanneling. De fertochte wie belutsen by in fjochtpartij tusken studinten. Doe't de plysje te plak kaam, lei der in man op de grûn dy't skopt en slein waard troch in pear minsken.
De plysje warskôge de jonge, mar dy gong troch mei it mishanneljen. Hy is arresteard. It slachtoffer waard oerbrocht nei it sikehûs.