FNP: aksje foar starterswenten

14 apr 2006 - 12:00
Foto: Omrop Fryslân

De FNP komt nije wike yn Provinsjale Steaten mei in moasje om de bou fan betelbere wenten op gong te helpen. De partij wol dat der in startersliening komt. Dat is in foardielige liening om in eigen wente foar starters finansjeel mooglik te meitsjen.

Gemeenten en wenningboustiftingen wurkje dêrby gear, ûnder rezjy fan de provinsje. De FNP wol mei it plan ek foaral de jongerein yn eigen streek in takomst jaan.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)