Gjin postkoade foar Eastmahorn

14 apr 2006 - 12:00

It buertskip Eastmahorn krijt gjin aparte postkoade fan TPG Post. De gemeente Dongeradiel hie dêrom frege om Eastmahorn sa makliker de status fan doarp te ferlienen en dat sil neffens boargemaster Cazemier lykwols wol klearkomme.

Der is noch wol in mooglikheid foar in aparte letterkoade. Dêr wurdt no oer praat mei TPG Post. Eastmahorn falt no noch ûnder Anjum en hat ek de postkoade fan dat doarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)