Dútser kin foto's wer krije

14 apr 2006 - 11:37

In Dútske militêr dy't yn de Twadde Wrâldoarloch syn foto-album ferlern wie op it Ljouwerter fleanfjild, kin syn album no wer werom krije. It foto- album waard koart nei de befrijing fûn op it fleanfjild en bedarre yn it argyf fan Tresoar yn Ljouwert.

Douwe Drijver út Ljouwert is in trouwe besiker fan it argyf. In meiwurker fan Tresoar attendearre him op it foto- album fan Eberhart Rossbach. Dêrnei hat Drijver Rossbach socht en fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)