PvdA-wethâlders Ljouwert bekend

© Omrop Fryslân
Roel_Sluiter, Marga_Waanders en Marco_Florijn wurde de trije PvdA wethâlders yn it kolleezje fan B&W fan Ljouwert. Sluiter en Waanders wienen al wethâlder. De 27-jierrige Florijn is nij. Hy siet fjouwer jier foar de PvdA yn de ried fan Ljouwert en is organisaasjedeskundige by de provinsje.
De PvdA leden moasten tongersdeitejûn in kar meitsje út fiif kandidaten, mar nei ien ronde wienen se der al út.