3 jier sel foar gizeling H'garyp

© Omrop Fryslân
De rjochtbank hat in 44-jierrige man út Hurdegaryp feroardield ta 3 jier sel. Hy hat neffens de rjochter yn desimber 2005 syn freondinne en har twa dochterkes gizele en mishannele.
Hy hâldt de trije in nacht lang fêst. De frou koe de deis dêrnei de plysje warskôgje, doe't se har soantsje nei skoalle brocht. It Iepenbier Ministearje easke twa wiken lyn in selstraf fan 3,5 jier.