TBS foar brânstichter McDonalds

© Omrop Fryslân
De fertochte fan de brân by McDonalds yn Goutum is tongersdeitemiddei yn Ljouwert feroardiele ta in TBS-straf. De rjochtbank hat genôch bewizen fûn dat de man de brân op 20 oktober 2005 oanstutsen hat.
Ut ûndersyk docht bliken dat de man in slimme psychyske stoarnis hat en folslein ûntarekkeningsfetber is. De rjochtbank hat dy konklúzje oernommen en is sadwaande ta de twangferpleging-straf kommen.