1,6 kilo himp fûn yn Ljouwert

14 apr 2006 - 07:49

De plysje hat woansdei yn Ljouwert in 23-jierrige man út de stêd oanhâlden foar it besit fan drugs. De plysje hie yn in hûs oan de Willem Loréstrjitte in himpkwekerij mei 70 planten fûn.

Ut dy boppewenning wei rûn in dikke stroomkabel nei it hûs derûnder. Omdat de plysje de saak net fertroude, ha se dêr ek even sjoen. De bewenner waard oanhâlden, omdat by him thús stikken hasj fûn waarden fan mei inoar 1,6 kilo. Dat guod is yn beslachnaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)