'Omke Romke' net yn Boalsert

13 apr 2006 - 17:26

It stedsoargel fan Boalsert, yn de folksmûle Omke Romke neamd, sil op Keninginnedei net yn de stêd te hearren wêze. De oranjeferiening wol der dit jier net oan en hawwe de pleatslike omrop ynhierd om de muzyk oerdei te fersoargjen.

Dit ta grutte spyt fan Jan Visser. Al jierrenlang ûnderhâld Visser it oargel en sûnt 1988 spilet hy mei Omke Romke op Keninginnedei yn Boalsert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)