Liening Friesland Bank súksesfol

© Omrop Fryslân
De Friesland Bank hat mei sukses in soad jild ophelle op de Europeeske iepenbiere kapitaalmerk. De obligaasjeliening fan 700 miljoen euro wie yn oardel dei fol.
De liening is útfierd troch in groep fan banken ûnder lieding fan ABN Amro Bank en de Fortis Bank. De liening hat in rintiid fan 7 jier en de opbringst wurdt troch de Friesland Bank ûnder oaren brûkt foar de groei fan harren aktiviteiten.