Hearrenfean ferspilet kâns op CL

13 apr 2006 - 13:31

Fuotbalclub Hearrenfean hat woansdei de kâns om takom seizoen út te kommen yn de Champions League ferspile. De club fan trener Verbeek ferlear yn Tilburg mei 4-3 fan Willem II. SC Hearrenfean kin no allinnich noch troch de play-offs probearje út te kommen yn it UEFA-bekertoernooi.

Nei 20 minuten stie Hearrenfean al mei 2-0 achter. Yn de twadde helte kamen de Friezen noch op foarsprong, mar it waard dochs noch 4-3.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)