Sylsters draaie boppe-yn mei

13 apr 2006 - 12:30

De Fryske sylsters Brechtje van der Werf fan Snits en Marije Kampen fan Starum dogge mei om de boppeste plakken by de Sofia Cup op Mallorca. Yn de Yngling-klasse stean de sylsters tegearre mei Annelies Thies no sânde.

Tongersei stean de lêste wedstriden foar kwalifikaasje foar de finales op it programma. Petronella de Jong fan Sint Jabik en Marije Faber fan Snits stean op dit stuit op it sechtjinde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)