Broekster Boys winne derby

13 apr 2006 - 12:29

De Broekster Boys hawwe de streekderby tsjin Be Quick Dokkum mei 4-0 wûn. It gong om in ynhelwedstriid, omdat it earste duel nei in kertier staakt waard fanwege in brutsen foet fan ien fan 'e spilers.

Yn de twadde klasse ferlear koprinner Zeerobben mei 1-0 fan de Waterpoort Boys. Yn de fjirde klasse B wûn nûmer twa Minnertsgea by koprinner WTOC mei 2-1. Dêrtroch hat Minnertsgea mei in wedstryd minder twa punten efterstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)