Gjin gondelfeart foar Warkum
De gondelfeart yn Warkum giet dit jier net troch. By de buertferienings is te min animo foar it evenemint. De gondelfeart wurdt al sûnt 1969 organisearre as ôfsluting fan Kokedei. It is de twadde kear dat it net trochgiet.
De organisaasje wol besykje it evenemint takom jier wol wer te hâlden. Yn Balk en Aldeboarn gean de gondelfearten wol troch.