Gjin nije sâltwinning Barradiel

© Omrop Fryslân
De provinsje hat yn in brief oan minister Brinkhorst oanjûn tsjin te wêzen op nije sâltwinning yn it gebiet Barradiel by Harns. Deputearre Bijman seit dat Fryslân negatyf advisearje sil oer nije konsesjeoanfragen fan Frisia Sâlt.
De provinsje wol graach dat de minister bemiddelet tusken it sâltfabryk en de boeren yn it gebiet. DS fine dat de sâltwinning foar tefolle skea soarget yn it gebiet.