Cambuur lûkt trije spilers oan

13 apr 2006 - 00:00

Cambuur hat trije nije spilers oanlútsen. It giet om Berry Hoogeveen (27) fan Veendam, Ferdinand Katipana (25) komt oer fan Haarlem en Joris van Rooijen (21) giet fan Volendam nei Cambuur.

Hoogeveen kin op it middenfjild en yn de oanfal út de fuotten. Middenfjilder Katipana spile yn 2002/2003 ek al by Cambuur. Van Rooijen spile yn de jeugd fan FC Utrecht en kaam oant no ta 30 kear út foar Volendam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)