Fryske eko-sjips 'sehr gut'

11 apr 2006 - 21:55

De sjips fan it Wolvegeaster bedriuw FZ Organic Foods binne de bêste sjips fan Dútslân. Dat fynt alteast it Dútske konsumentenblêd Oekotest.

It blêd jout de sjips it predikaat 'Sehr Gut'. De sjips binne minder ûnsûn as oare sjips en ek minder ferslavend. Hoewol de sjips net sa bekend binne, wurde se op it stuit al yn 26 lannen ferkocht. It bedriuw tinkt dat dat komt omdat se allinne ekologyske sjips meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)