Provinsje lit plannen lizze

11 apr 2006 - 17:49

De provinsje Fryslân hat ferline jier foar 30 miljoen euro oan plannen net útfierd. Dat docht bliken út de jierstikken fan de provinsje. Deputearre Jan Ploeg is der net bliid mei, want de provinsje hat dat jild net krigen om neat mei te dwaan.

Ploeg makke ek bekend dat de provinsje oer 2005 goed sân miljoen euro oerhâlden hat. Yn totaal is der 306 miljoen euro útjûn, wêrfan hûndert miljoen oan ferkear en ferfier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)