Suderseejild moat nei it Noarden

11 apr 2006 - 15:32

It noarden hat hoe dan ek rjocht op de 2,7 miljard dy't ornearre is foar it Suderseespoar. Ek as it spoar net oanlein wurdt. Dat fynt de twadde keamerfraksje fan it CDA.

It kabinet sil tongersdei in beslút nimme oer de snelle spoarferbining. Falt it beslút negatyf út, dan moat it jild nei de noardlike ynfrastruktuer. It CDA hat noch gjin stânpunt ynnommen oer it Suderseespoar, sa seit fraksjefoarsitter Maxime Verhagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)