Tsjûgen fan rûzje op N31 socht

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân siket tsjûgen fan in rûzje fan twa wike lyn op de autodyk N31 tusken Surch en Kimswert. Twa autobestjoerders krigen wurden by de Kimswerterhoeke. Underweis hellen se inoar gefaarlik yn. De plysje moast úteinlik de beide manlju útinoar helje.
De beide bestjoerders hiene elk in oar ferhaal. De plysje wol it echte ferhaal boppe wetter sjen te krijen fan tsjûgen. Minsken kinne belje mei it algemiene plysjenûmer: 0900 - 8844.