Needklok liedt foar de ljurk
It giet striemin mei de ljurk, noch minder as mei de skries. Oer it generaal giet it min mei de greidefûgels. Foar de skries is rom omtinken, mar yn de lêste tritich jier is ek it oantal ljurken drastysk weromrûn. Fûgeltellingen fan it Sovon hawwe dat oantoand.
Minsken dy't helpe wolle by it tellen fan dizze fûgels kinne harren dêrfoar oanmelde fia de webside www.sovon.nl