Sâltwinning NW-Fryslân mei troch

© Omrop Fryslân
It winnen fan sâlt yn it Noardwesten fan Fryslân mei trochgean. Dat hat de Raad van State yn Den Haach bepaald. De aksjegroep Laat Het Zout Maar Zitten woe de sâltwinning stillizze, foarútrinnend op de útslach fan in heger berop by dyselde Raad van State.
De aksjegroep hie by de rjochter sein dat de skea fan de sâltwinning hieltyd grutter wurdt en dat dy net te werstellen is, mar dat falt neffens de RvS wol wat ta.