Brân fakânsjehúske Reahel

© Omrop Fryslân
By in brân yn in rekreaasjepark oan de Vriehof yn Reahel is moandeitemoarn in fakânsjehúske folslein ôfbaarnd. Omwenners ûntdutsen de brân en warskôgen de brânwacht. Dy koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei oare huzen en koene noch krekt op 'e tiid trije katamarans fuortslepe.
De skea is ûngefear in ton. Net ien rekke ferwûne by de brân. De oarsaak in noch net dúdlik.