Oar kraanwetter yn part Fryslân

© Omrop Fryslân
Sa'n 100 tûzen húshâldings yn Súd- en Noardwest Fryslan krije de kommende dagen oar kraanwetter. Dit komt dan net mear fan Spannenburg, mar út Noardburgum.
De reden is dat der tusken Spanningburg en Frjentsjer, by Snits in stik fan 150 meter fan de haadtransportlieding ferfongen wurde moat. Dêr wurdt nammentlik wurke oan de nije rûnwei, it is dus net sa dat der wat oan de lieding mankearret.