Unrêstige nacht yn Balk

10 apr 2006 - 11:38

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in pear kear yngripe moatten yn Balk. Earst trof de plysje twa jongens oan op de Van Swinderenstrjitte dy't by it útgean ferwûne rekke wiene.

Yn 'e moarntiid waarden oan dyselde strjitte inkele ruten ynsmiten. In grutte groep jongeren drige mei inoar op de fûst te gean, mar doe't se de plysje seagen, naaiden se allegear út. Der is net ien oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)