FNP: hânfet Frysktalich ferkear

10 apr 2006 - 09:57
Foto: Omrop Fryslân

De FNP yn de Ljouwerter gemeenteried hat sneon in inisjatyf nei bûten brocht om it skriftlik ferkear tusken de gemeente Ljouwert en har ynwenners te ferbetterjen.

Mei de oardering 'Frysk yn it skriftlike ferkear' wol de FNP dúdlikens kreëarje oer de Frysktalige skriftlike kommunikaasje. De FNP wol sa in hânfet jaan hoe't de gemeente op in soarchfâldige wize mei Frysktaligen omgean moat yn e-mails en brieven.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)