Loads op It Hearrenfean ôfbaarnd

10 apr 2006 - 09:56

In fûle brân hat sneintemoarn betiid in opslachloads oan de Sieger van de Laanstrjitte op it Hearrenfean yn 'e jiske lein. Hoe't de brân ûntstien is, is noch net dúdlik. Der ha him gjin persoanlike ûngemakken foardien.

By de brân is asbest frijkaam. De plysje hat de strjitte ôfsletten en bewenners frege om ruten en doarren ticht te hâlden. Der is gjin direkt gefaar foar de folkssûnens. De loads wurdt fuortdaliks sloopt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)