Oanhâlding foar ynbraak Drachten

09 apr 2006 - 16:42

Trije jonges binne yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden foar in ynbraak yn in skoalle yn Drachten. De plysje krige in tip dat by de skoalle oan it Skuttersfjild byldskermen en kompjûters bûten de skoalle leinen.

Ek wiene in pear ruten fernield. De ynbrekkers wiene op dat stuit net mear yn de skoalle. In plysjehûn hat de jonges fan 16 en 17 jier âld opspeurd. Ien wie by de ynbraak ferwûne rekke oan de foet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)