Oanriding yn Burgum

09 apr 2006 - 16:40
Foto: Omrop Fryslân

By in oanriding op de Alde Kommisjewei yn Burgum is in 31-jierrige man út datselde doarp ferwûne rekke. De automobilist ried achterop in oare auto mei dêryn in 59-jierrige man út Gytsjerk. De man stie te wachtsjen foar de ferkearsljochten.

De Gytsjerker kaam mei de skrik frij. De Burgumer is oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)