Film oer 'de hel fan '63'

© Omrop Fryslân
Regisseur Steven de Jong wol de Alvestêdetocht fan 1963 ferfilmje. Hy is dwaande mei in script foar de film. De tocht fan '63 stiet bekend as de helletocht. Troch snie, froast en hurde wyn waard dat ien fan de swierste alvestêdetochten ea.
Omdat de kâns op iis yn Fryslân yn de winter lyts is, sil in part fan de film yn it bûtenlân draaid wurde. De Jong tinkt oan Poalen of Ruslân.