Drachten siket nij plak merk

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân siket in nije lokaasje foar de merk. No is der alle tongersdeis en sneons merk op it Moleneind. Mar dit plak ferdwynt as yn de takomst de Drachtsterfeart útgroeven wurdt.
Merkkeaplju en de winkeliers yn it Drachtster sintrum binne der foar om de merk nei it Museumplein te ferpleatsen. De gemeente sil dizze opsje fierder ûndersykje. It plein wurdt no brûkt foar eveneminten.