Minder wapens yn rjochtbank

© Omrop Fryslân
Hieltyd minder minsken nimme wapens mei nei de rjochtbank yn Ljouwert. It tal messen en oare wapens dat by kontrôles yn beslach naam wurdt, is drastysk werom rûn. Yn 2004 is der út ein set mei it ferplichte scannen fan minsken en bagaazje by de yngong.
Doetiids waarden der alle wiken noch 70 benammen messen fûn, wêrfan't der 20 neffens de wapenwet ferbean wiene. No giet it om 20 messen, wêrfan't der maksimaal twa net tastien binne.